Brânwacht De Jouwer rydt om knyfloklucht om 'e nocht út

10 maaie 2017 - 15:56

De brânwacht fan De Jouwer is woansdeitemiddei om 'e nocht útriden nei de Midstrjitte yn it plak. Neffens in melding soe dêr in gaslek wêze. By oankomst die bliken dat it gie om de bestriding fan luzen. Dat waard dien mei wetter en knyflok. Minsken tochten dat se gas rûkten.

De brânwacht is dêrop wer nei de kazerne gien.

Trefwurden: 
brânwacht De Jouwer gaslek
(Advertinsje)
(Advertinsje)