Fryske studint kin los mei ferbouwing fan hûs yn Detroit

10 maaie 2017 - 15:41

Dominik Lukkes hat syn stúdzje arsjitektuer yn Delft stopset om mei oare studinten oan it duorsumheidsprojekt 'The Motown Movement' te wurkjen. Se ha foar tûzen dollar in hûs kocht yn Detroit yn Amearika en dat knappe se op en meitsje se duorsum.

Se wolle de earme befolking sjen litte hoe't je besunigje kinne op enerzjykosten troch it hûs goed te isolearjen. "Dat hûs wie echt in boufal, der sieten gjin ruten en doarren mear yn en alle elektra wie derút, it wie eins mear in karkas. It is in hiele útdaging, mar it resultaat sil hiel moai wêze."

Hy is al goed twa moannen yn Detroit. Fia crowdfunding hat er 50.000 dollar ophelle en de steat hat dat bedrach ferdûbele. "Mei dat bedrach kinne we no echt los. Ik bin benammen dwaande mei de organisaasje en praat mei de oannimmer en regelje allerhanne fergunningen. Twa freonen út Weidum binne al in moanne oan it ferbouwen yn it hûs, ik hoopje letter ek noch meihelpe te kinnen."

Nei alle gedachten is it hûs ein juny of heal july klear. Der is al in húshâlding dy't der yn kin as it klear is. Dominik bliuwt oant it klear is. "Yn septimber begjin ik wer mei de stúdzje, dus der is wol wat tiidsdruk."

Trefwurden: 
Detroit Dominik Lukkes hûs
(advertinsje)
(advertinsje)