FIDEO: Berneboek Pykje Fjouwer presintearre op skoalle

10 maaie 2017 - 15:40

Pykje Fjouwer is hielendal allinnich. Syn dop woe net iepen en doe wiene heit en mem skries al fuort. De aventoeren fan dit skriezepykje binne optekene troch Lida Dykstra en illustrearre troch de Belgyske Ina Hallemans. In berneboekje mei in boadskip. Woansdei waard it boek presintearre oan groep trije fan de basisskoalle yn Reduzum.

(advertinsje)