Soad animo foar boargemasterspost op Skiermûntseach

It gemeentehûs fan Skiermûntseach © Omrop Fryslân, Ronald van der Pol
De fakatuere foar boargemaster fan Skiermûntseach hat folle mear sollisitanten lutsen as eardere kearen. Mar leafst 69 minsken hawwe belangstelling foar de funksje. Yn 2004 en 2011 wiene dat beide kearen 46.
By de 69 kandidaten giet it om 19 froulju en 50 manlju, it grutste diel fan har is tusken de fyftich en sechtich jier âld. Seis kandidaten binne ûnder de 40 jier. Doel is dat fan 't hjerst bekend is wa't de nije boargemaster fan Skiermûntseach wurdt.
Op dit stuit is Dick Stellingwerf waarnimmend boargemaster op it Waadeilân.