Pele van Anholt moat op syk nei nije fuotbalklup

10 maaie 2017 - 14:55
Pele van Anholt - Foto: awfoto.nl

Boalserter Pele van Anholt giet oan de ein fan it seizoen by Willem ll wei. De ferdigener krijt gjin nij kontrakt by de ploech út Tilburg. Foar dit seizoen makke Van Anholt de oerstap fan SC Hearrenfean nei Willem ll. Syn ferbliuw yn Noard-Brabân bliuwt dus beheind ta ien seizoen. Van Anholt sil op syk moatte nei in nije klup. Fan 2011 oant en mei healweis 2016 spile de Fryske ferdigener by SC Hearrenfean.

Earder waard al dúdlik dat ek Branco van den Boomen fuort moat by Willem ll. Hy wurdt op it stuit hierd fan SC Hearrenfean, mar Willem ll makket gjin gebrûk fan de opsje ta keap yn it kontrakt. It is foar Van den Boomen gjin súksesfol seizoen. De middenfjilder kaam yn acht wedstriden binnen de linen foar de Tricolores.

(Advertinsje)
(Advertinsje)