Alde Fryske Tsjerken brûkt tenei griene stroom

10 maaie 2017 - 14:24
Foto: Stichting Alde Fryske Tsjerken

De tsjerken fan Stichting Alde Fryske Tsjerken nimme tenei duorsume enerzjy ôf fan Noordelijk Lokaal Duurzaam. De NLD bestiet út trije koöperaasjes yn Fryslân, Grinslân en Drinte. Yn Fryslân is dat Us Koöperaasje. De stichting en de koöperaasje tekenje tongersdei in kontrakt foar it leverjen fan griene enerzjy. Dy komt fan sinnegreiden en wynmûnen yn de omkriten fan de tsjerken. De stichting hat it oer ''in logyske stap'' om't sy leefberens en duorsumheid belangryk fynt.

(Advertinsje)
(Advertinsje)