Man fernielt nêsten fan beskerme ierdsweltsjes

10 maaie 2017 - 14:19
Nêsten fan ierdsweltsje yn de dunen

In 58-jierrige man út Ferwerderadiel is oanhâlden nei't hy ûnder it wurk by Lauwerseach nêsten en hoalen fan ierdsweltsjes fernielde. De nêsten fan de beskerme fûgels wienen op it haventerrein. Der sieten sa'n 50 nêsten yn in grutte bulte sân. In plysje fan it miljeuteam en in amtner fan de provinsje kamen op in melding fan in tsjûge ôf en seagen dat de nêsten fernield wiene mei in mobile kraan.

Der is proses-ferbaal opmakke tsjin de bestjoerder en it bedriuw dêr't de man foar wurket. Sy hiene kontrolearje moatten oft der nêsten yn it sân sieten.

(Advertinsje)
(Advertinsje)