Hotels yn Warkum en Snits fallyt ferklearre

10 maaie 2017 - 14:05
Menukaart restaurant

Hotel 'De Herberg van Oom Lammert en Tante Klaasje' yn Warkum is troch de rjochtbank fallyt ferklearre. It bedriuw wie benammen bekend omdat je der yn in bedstee sliepe koenen. Neffens de kurator hawwe it minder moaie waar en in delgong yn it toerisme foar te min ynkomsten soarge.

Ek hotel restaurant 'Klein Genot' yn Snits, dat fan deselde eigener is, is fallyt ferklearre. Dat hotel hie neist it minder moaie waar en minder toeristen ek te krijen mei problemen by de brânfeiligens fan de keamers. Dy koenen dêrtroch pas nei it seizoen yn gebrûk naam wurde. De hotels binne sûnt moandei ticht. Der wiene fiif minsken yn fêste tsjinst, foar har is yntusken ûntslach oanfrege.

De kurator hopet in partij te finen dy't ien of beide hotels wer iepenje wol. Hy moat dêroer noch wol oerlizze mei de eigener fan beide gebouwen, dy falle bûten it fallisemint.

Trefwurden: 
fallyt hotel Warkum Snits
(Advertinsje)
(Advertinsje)