Gerbrich Talsma is Boalserter Heakeninginne

10 maaie 2017 - 14:04

Gerbrich Talsma (25) is dit jier de Heakeninginne fan Boalsert. Nei moannen mocht it nijs woansdei lang om let bekend wurde. "Yn maart wie al dúdlik dat ik de keninginne wurde soe mei myn twa hofdames Hanna Harkema en Gelske Sieperda, mar sûnt dy tiid moast ik de mûle hâlde, dat wie behoarlik dreech. Ik hie it gefoel as stie it op myn foarholle en koe elkenien op strjitte it oan my sjen."

Fisitekaartsje

De Boalserter juf is oerweldige troch alle reaksjes dy't se krigen hat. "Minsken binne grutsk, fine ús in leuk trio en sizze dat we strielje." Mei de Heamieldagen yn Boalsert is it trio by de ferskate aktiviteiten yn de stêd en ha se soms in rol. "It Heamieltrio is it plaatsje fan de stêd, it fisitekaartsje." Gerbrich wie as echte Boalserter altyd al belutsen by de Heamieldagen út de hynstesport wei. "Ik fyn de saamhorigheid yn de stêd altyd moai, it is gesellich en elkenien genietet fan de aktiviteiten."

De Heamieldagen binne dit jier fan 21 oant en mei 24 juny. Op it programma steane ûnder oare merke, konkoers hippyk en muzyk.

(Advertinsje)
(Advertinsje)