Antea Group hat goed jier achter de rêch

It yngenieurs- en advysburo Antea Group fan It Hearrenfean hat in goed jier achter de rêch. Der waard yn 2016 in nettowinst helle fan hast 10 miljoen euro. Dat is it oant ien nei bêste resultaat yn it bestean fan it buro. Dat wie oant 2014 bekend ûnder de namme Oranjewoud.
It buro helle de winst ferline jier benammen op it mêd fan miljeu, feiligens en romtlike ûntwikkeling. Ek profitearre it fan de bettere ekonomy.