Earste FASD-pas útrikt yn Hurdegaryp

10 maaie 2017 - 13:07

Bern fan âlden dy't alkohol dronken hawwe by de swangerskip kinne fan woansdei ôf in ekstra ID-kaart krije. Dy kaart hjit de FASD-pas, dat stiet foar Fetal Alcohol Spectrum Disorder. De pas moat minsken mei FASD stypje yn drege sitewaasjes. Dêrneist hopet de FAS-stichting dat de pas derfoar soarget dat mear minsken witte wat FASD no krekt is.

De earste pas is útrikt yn Hurdegaryp oan in FASD-pasjint. Minsken mei FASD kinne lêst hawwe fan groeiproblemen, gesichtsôfwikingen of fan neurologyske beheiningen. Dat hoecht net altyd. Faak hawwe pasjinten mear lêst fan de bliuwende harsenskea. Dêrtroch hawwe se langer de tiid nedich om bygelyks húswurk te meitsjen of om drege ynformaasje te begripen. Dêrby kinne je tinke oan in petear mei it UWV. No't de FASD-pasjint syn pas sjen litte kin by it UWV, hopet men dat der mear stipe komt.

Trefwurden: 
alkohol FASD FASD-pas
(Advertinsje)
(Advertinsje)