Surhústerfean feroaret sneon yn Jurassic City

10 maaie 2017 - 12:12

Surhústerfean is sneon 13 maaie even Jurassic City. Yn it sintrum steane in pear dinosaurussen en publyk kin mei de dino’s op de foto. Guon dinosaurussen kinne bewege, sykhelje en lûd meitsje.

De bisten komme fan Peter Wassenaar. Hy kocht 47 bisten, se binne yn Sina makke. Meikoarten sil er de dinosaurussen ferkeapje.

(Advertinsje)
(Advertinsje)