Undersyk nei skea fan stienmurd yn greidefûgelgebieten

Stienmurd © Wikipedia
Hieltyd faker wurde stienmurden sjoen yn greidegebieten. Kamerabylden litte sjen dat de bisten aaien út de nêsten fan ljippen en skriezen rôvje. Om't der noch net folle wittenskiplike kennis oer hoe grut oft de skea is, lit de provinsje ûndersyk dwaan. De stienmurd is in beskerme bistesoart en mei net samar oanpakt wurde. As der maatregels komme om it bist út greidefûgelgebieten te kearen, moat dêr earst ûndersyk nei dien wêze.
"As greidefûgelprovinsje nûmer ien is it needsaak dat we alle war dogge om ús steltrinners te beskermjen. Dêr heart dit ûndersyk ek by. Dêrnjonken ha we in ûntheffing ôfjûn foar de fangkoai foar de swarte krie en foar de ljochtbak om jûns op foksen jeie te kinnen" seit deputearre Kramer.
DNA
Spesjalisearre wittenskippers dogge it ûndersyk yn fjouwer gebieten yn Fryslân. Fia DNA-techniken besjogge se restanten fan bútmakke aaien of fûgels yn it laboratoarium en sa hoopje se de rôfbisten te achterheljen. Mei kamera's hoopje se de rôvers fêst te lizzen.
De earste resultaten wurde nei de simmerfakânsje bekend. Se wurde ferlike mei oare gelikense ûndersiken dy't yn Grinslân en Oerisel binne.