Sinnepark by Garyp foarsjocht 1.700 húshâldingen fan stroom

10 maaie 2017 - 11:07
Sinnepark - Foto: Alexander Kooistra

Sinnepark de Griene Greide by Garyp wurdt freed offisjeel iepene. It sinnepark op it eardere stoart kaam ta stân troch in gearwurking tusken de enerzjykoöperaasje fan it doarp en it bedriuw GroenLeven.

It park mei 27.000 panielen kin jierliks 1.700 húshâldingen fan stroom foarsjen. De stroom fan it park sil sa folle as mooglik yn de regio ferkocht wurde. Kommissaris fan de Kening Arno Brok sil de iepening dwaan.

(advertinsje)
(advertinsje)