Presintaasje alle fonteinen mids maaie yn Frjentsjer

10 maaie 2017 - 10:20
It ûntwerp foar de fontein fan Drylts

Kulturele Haadstêd 2018 presintearret freed 19 maaie alle ûntwerpen fan de fonteinen fan it 11Fountainsprojekt. De presintaasje is yn de Martinitsjerke yn Frjentsjer. Op de presintaasje binne makettes fan de fonteinen te sjen. Deputearre Sietske Poepjes sil de byienkomst om healwei fiven iepenje. De offisjele iepening fan 11Fountains stiet oer in jier yn de aginda.

Trefwurden: 
KH 2018 fontein 11Fountains
(Advertinsje)
(Advertinsje)