Kollum: "Dantumadiel"

10 maaie 2017 - 08:46

"Dantumadiel. 18.000 ynwenners op 87 fjouwerkante kilometer. Alve doarpen. Damwâld, ûntstien út Ikkerwâld, Moarrewâld en Dantumawâld; Feanwâlden dêr’t de earste suvelfabryk fan Fryslân kaam; Broeksterwâld mei de beroemde amateurfuotbalklup Broekster Boys, dêr’t eartiids better betelle waard as by Hearrenfean en Cambuur; Rinsumageast, it earste haadplak fan de gritenij; Wâlterswâld dêr’t ea in bolle nei my ferneamd is; Driezum, dêr’t Rinsma State it gemeentehûs wie, mar dat hat Dirk Scheringa yntusken ferkocht oan in Rus; De Falom, it plak dêr’t dy idioate Friezen eartiids skippen oer it lân lutsen; Readtsjerk, in namme as in kontradiksje; Sibrandahûs dêr’t yn ‘63 Reinier Paping holpen waard troch fjouwer foarriders; en net te ferjitten De Westereen, in eigensinnich apart doarp mei goudearlike minsken dy’t lykwols wat te gau ûnrjocht sjogge en dan wâldsk reageare.

Dizze wâldgemeente, mei in rike histoarje fan 1242 ôf, giet in frjemde takomst temjitte. Se ha no in amtlike fúzje mei Dokkum, Ferwerderadiel en Kollumerlân. Dat giet need, sa ha ’k fernaam. Der sit net ien amtner mear op syn eigen plak en se witte lang net allegear wat se wol of net dwaan moatte. Dantumadiel docht mei oan dy amtlike fúzje, mar net oan de bestjoerlike. 1 jannewaris 2019 beoarderje dy miskien noch wol wat omtoarkjende amtners twa gemeenten: Noardeast-Fryslân en Dantumadiel. Ik kin my der neat by foarstelle. Is der aanst ien amtlik kommunikaasjekantoar, en moatte dy dan aanst de miening fan én Noardeast-Fryslân jaan én fan Dantumadiel? No, dat bin somtiden heakse mieningen. Dy amtners moat allegear aparte en oare regelingen beoarderje, dêr wurde se hartstikkene gek fan. Gaos.

Dêr tinke se yn Dantumadiel net oan. Dy hurdkûters bin op dit stuit gewoan dwaande te formulearjen hoe’t in nije boargemaster der út sjen moat. Se ha sûnt jierren net in gewoane, mar in waarnimmende boargemaster. Waarnimmers beneame om't de gemeente dochs opgiet yn in fúzje, wie de iennichste provinsjale strapats dy’t kommissaris Jorritsma úthelle hat. Fierder wie der inkel mar in grut provinsjaal swaktebod; der barde nammentlik neat. In goed provinsjaal plan hie der foar soarge dat we no net yn allerhande idioate sitwaasjes sitte, wêrby't de ien wol en de oare net meidocht. Wat hie it moai west en ek ferstannich, Harns as haadplak fan Waadhoeke, stêd fan see en lân. Mar nee.

Dantumadiel wol selsstannich bliuwe en dus wol se in gewoane boargemaster ha. Brok giet der ek noch yn mei. Se beskriuwe de man of frou no en it blykt dat de ynwenners eins in soarte fan Sicko Heldoorn ha wolle. Dy is dêr no waarnimmend boargemaster. Mar Heldoorn docht aanst net mei, hy sollisiteart net. En hy hat gelyk. Hy is beneamd as waarnimmende fúzjeboargemaster, en al fynt hy no miskien ek wol dat de arguminten benammen op finansjele grûnen wol goed binne om Dantumadiel Dantumadiel te litten, dan noch hâldt hy dat fúzjeaureoaltsje.

Dantumadiel bestean litte is noch slimmer as it gedoch fan Harns. Want Dantumadiel hat yn it ferline grutte stikken gemeente ferlern oan oaren. Kollum en gâns oare plakken bin ôfskieden en waarden yn 1350 Kollumerlân. In oar fûn grutter wurde wichtich. Dokkum hat grutte happen pikt fan Dantumadiel, te min want Dokkumers gean noch te winkeljen yn Damwâld. Jannum en Burdaard giene yn 1984 oer nei Ferwerderadiel, oars bleau dat sa alderheislikste lyts. It waard Dantumadiel allegear ôfpakt. Mei fúzje hiene se dat werom krigen. Mar nee.

We rinne hjir yn Fryslân hopeleas efter by oare lânsdielen op allerhande mêden. Dat komt om't we lang net bestjoerskrêftich genôch binne. Te ferdield mei al dy ferskate en te lytse gemeenten mei al dy ferskillende ynsichten en regelingen. En as je net fierder sjogge as de grins fan jo eigen gemeente en de provinsje docht neat dan ha we takom jier kulturele haadstêd yn in ferdielde provinsje. Willem Schoorstra hie it juster op dit plak noch oer in selsstanniger provinsje. Willem, sa bestjoerskrêftich kin dizze ferdielde provinsje echt net wurde. Eartiids wol. We fochten wolris, mar we giene as ien man nei Rome, Brussel of Den Haach.

Wat sei Sicko Heldoorn ferline wike ek al wer by de 4 maaie betinking yn Dantumadiel.

Wa’t syn eagen slút foar de skiednis, is blyn foar de takomst."

Eelke Lok fan De Gaastmar wurke 40 jier foar Omrop Fryslân en waard ûnder oaren bekend troch it politike praatprogramma ‘It Wapen fan Fryslân’ op de radio en ‘Gewest Fryslân’ op telefyzje. Al jierren fersoarget hy kollums op de radio. De kollums fan Eelke kinne oeral oer gean: Fryslân, sport, polityk, kultuer of wat him ek mar opfallen is. Al syn kollums binne te finen op syn side eelkesweblok.nl.

Trefwurden: 
De Toan fan Eelke Lok
(Advertinsje)
(Advertinsje)