Kâns op grutskalige ferdrinking Waadsee

10 maaie 2017 - 07:07

De Waadsee kin neffens in nij rapport folle earder as ferwachte permanint ûnder wetter komme te stean. Dat komt mei troch it ûnderskatten fan de lange termyngefolgen fan gas- en sâltwinning. Nije ynsichten oer it mooglik fluggere teien fan de iiskappen spylje ek in rol. Neffens it rapport 'Toekomst Waadsee' rint it natuergebiet noch foar de ein fan dizze iuw kâns op grutskalige ferdrinking. De sânplaten falle no noch eltse dei twa kear drûch. As dat net langer it gefal is, sil dat grutte gefolgen ha foar bygelyks de fûgels dy't no noch massaal yn it gebiet nei iten sykje. Ek de kustbeskerming rint gefaar.

It rapport is útfierd yn opdracht fan De Waadferiening. Under mear it ûndersyksynstitút NIOZ, de TU Delft en de Universiteit Utrecht ha der oan meiwurke. Foarich jier luts it Wrâld Natuer Fûns al oan de bel oer de bedriging fan de Waadsee. Mei 113 oare natuergebieten is der akút gefaar troch tadwaan fan de minske.

(advertinsje)
(advertinsje)