Wethâlder wol oerlizze oer promoasje Turfrûte

09 maaie 2017 - 22:54
Turfrûte

It kolleezje fan Eaststellingwerf hat krityk op de wize wêrop't de Stichting Nije Kompanjons ophâlden is mei de promoasje foar de Turfrûte. Se binne der net oer te sprekken dat se dit yn de krante lêze moasten.

De stichting is mei de promoasje ophâlden, om't se gjin ynkomsten mear krije út de opbringst fan de finjetten dy't boatsjefarders oanskaffe moatte om de Turfrûte te farren. Fan dat jild betelle de stichting de promoasje.

Wethâlder Sierd de Boer wol no mei de stichting om tafel om te hearren wat der noch mooglik is. De Boer wol ek dat der ien mienskiplike fyzje op de Turfrûte komt.

(Advertinsje)
(Advertinsje)