Nije plannen mei rotondes by A32 falle goed by omwenners

09 maaie 2017 - 22:43

De nije plannen fan de gemeente Hearrenfean foar de op- en ôfritten fan de A32 waarden tiisdei posityf ûntfongen. De gemeente is dwaande om yn 2021 lange files foar te kommen en dêrfoar wurde de op- en ôfritten oanpast.

In jier lyn waard in earste idee presentearre. Dêr wiene omwenners net wiis mei, want der wiene tefolle stopljochten. De gemeente besocht tiisdeitejûn de omwenners te oertsjûgjen mei nije plannen. Der komme mear rotondes. Dit plan is in stik positiver ûntfongen. 

De ried sil har no bûge oer de nije ideeën. As alle ljochten dan op grien stean, kin yn 2018 it wurk úteinsette.

Trefwurden: 
A32 Hearrenfean
(advertinsje)
(advertinsje)