"Vermilion moat nulmjittings op alle gasputten dwaan"

Gaswinning © ANP
De gemeente Hearrenfean trunet derop oan dat gaswinbedriuw Vermilion nulmjittingen docht by alle gaswinlokaasjes yn de gemeente. Neffens Vermilion is it bedriuw allinnich ferantwurdlik foar in nulmjitting by nije lokaasjes, mar de gemeente is it dêr net mei iens. Se fine dat Vermilion ek op besteande gaswinlokaasjes in nulmjitting dwaan moat.
De gemeente sil Vermilion dêrop oansprekke, mar kin dit net ôftwinge.