"De kuolkast is folle leger"

10 maaie 2017 - 08:45

Manoesch is dochter fan in húshâlding dy't nei in fallisemint yn earmoed ferfallen is. Se hat in ferhaal skreaun oer har situaasje. Oer wat it allegearre mei har dien hat en hoe't se dêrmei omgie. "Thuis is er veel veranderd. De koelkast is leger en we moeten meer letten op licht en de verwarming. Mar Manoesch sjocht ljochtpuntsjes. Se fynt dat der noch genôch dingen te dwaan binne sûnder jild. By freonen del en kuierje is fergees.

Dizze wike stiet by Omrop Fryslân Stichting Leergeld sintraal en wat se betsjutte foar bern en húshâldingen dy't it finansjeel oan de krapperein komme. Online, mar ek op radio en telefyzje binne reportaazjes te hearren en te sjen mei ynformaasje oer Leergeld. Mei persoanlike ferhalen fan minsken dy't de stichting holpen hat. Minsken lykas Manoesch en har heit.

Trefwurden: 
Stichting Leergeld
(Advertinsje)
(Advertinsje)