Mei in kalkulator gemeentlike taslaggen berekkenje

10 maaie 2017 - 07:00

Ynwenners fan de gemeente Harns kinne ynkoarten gebrûk meitsje fan in saneamde taslachkalkulator. Dêrmei kinne se digitaal besjen oft se yn oanmerking komme foar minima- en ynkommensregelingen. It helpmiddel moat der komme omdat lang net alle Harnzers witte wêr't en hoe't de gemeente stipe jaan kin op finansjeel mêd. De kalkulator moat dêrby helpe. De gemeente hopet sa dat der mear jild telâne komt by minsken dy't dat nedich hawwe.

De kalkulator moat nei de simmer beskikber wêze.

Trefwurden: 
Harns taslach kalkulator
(Advertinsje)
(Advertinsje)