Fersutere grêftrommels yn Elslo wurde restaurearre

10 maaie 2017 - 06:30

De tsjerklike gemeente fan Elslo yn Eaststellingwerf lit alle grêftrommels op it begraafplak fan it doarp restaurearje. Grêftrommels binne wettertichte trommels mei blommen en linten mei opskriften fan izer. Yn de earste helte fan de foarige iuw waarden in soad grêftrommels pleatst. De trommels dy't de tiid trochstien hawwe binne der faak min oan ta en moatte nedich opknapt wurde. Itselde jildt foar de faak ferrustke en ferkleure ynhâld. Restaurateur Pieke van Doorn fan Feanhuzen hat it al sa drok dat se in wachtlist hat.

Op it tsjerkhôf fan Elslo lizze mei-inoar njoggen grêftrommels. Dy wurde dit kalinderjier allegearre restaurearre, as frou Van Doorn en har meiwurkers dat foarinoar krije. De tsjerke hat dêrfoar 5000 euro stipe krigen fan de gemeente Eaststellingwerf.

Winterdeis binnendoar

Nei de restauraasje sille se yn Elslo goed op de grêftrommels passe. De trommels wurde fêstset op izeren steunen, sadat se net maklik stellen wurde kinne. Winterdeis wurde de trommels tenei binnendoar helle om foar te kommen dat se opnij fersuterje.

Frou Van Doorn rûst dat der yn Nederlân mei-inoar noch in lytse tûzen grêftrommels binne. Benammen yn Fryslân, Grinslân en Drinte binne noch in soad te finen. Dat komt benammen omdat yn lytse doarpen folle minder grêven romme wurde as yn stêden. Dat jildt ek foar Elslo. Yn Elslo wurde gjin grêven romme. Tsjerkfâd Hammer heakket dêr oan ta dat it wol wichtich is dat de famylje in bydrage leveret oan it ûnderhâld fan it tsjerkhôf.

De grêftrommelrestaurateur kriget opdrachten yn hiel Nederlân en sels oant België ta. Frou Van Doorn hat krekt ek in opdracht klear fan de tsjerke fan Flylân. Twa slim troch waar en wyn ferrinnewearre grêftrommels fan it eilân binne krekt klear en wurde freed werompleatst op it Flylanner tsjerkhôf.

Museum

Njonken in restauraasjewurkplak is der sûnt in jier no ek in grêftrommelmuseum yn Feanhuzen. Dat is iepen op tongersdei of op ôfspraak.

Trefwurden: 
grêftrommels Elslo
(Advertinsje)
(Advertinsje)