Ferhalewedstriid hat dit jier as tema 'gjin styl'

09 maaie 2017 - 19:57
F.l.n.r. Jan Bijlsma, Michel Zuidema, Herman Houtman (2e) en Tryntsje van der Veer (3e) - Foto: Omrop Fryslân, Lennie Bronsveld

Jan Bijlsma fan De Pein en Michel Zuidema fan Garyp hawwe de jierlikse Fryske ferhalewedstriid fan it Skriuwersboun, it Frysk Deiblêd en ûnderwiissintrum Cedin wûn. Herman Houtman krige de twadde priis en Tryntsje van der Veer de tredde.

De ferhalewedstriid belibbe dit jier syn sechsde edysje. Dizze kear wie it tema 'gjin styl'. It tema hat te krijen mei it feit dat hûndert jier ferlyn de Nederlânske keunstbeweging De Stijl oprjochte is. Dêrom wie de útrikking ek yn Museum Drachten, dêr't in útstalling is oer De Stijl.

(Advertinsje)
(Advertinsje)