Wurkstraf en rydferbod foar Gariper nei botsing

09 maaie 2017 - 17:45
Rjochter - Foto: Omrop Fryslân

In man út Garyp dy't oardel jier lyn yn Burgum mei syn auto op in scooter botste, is feroardiele ta in wurkstraf fan 120 oeren. Ek mei er in healjier net ride. Neffens de rjochtbank is de man fierstente hurd mei syn auto oer de krusing riden dêr't it ûngelok barde.

Hy hie wol foarrang en de scooterrider is nei alle gedachten troch read riden, mar dochs hat de man út Garyp bot ûnfoarsichtich west, seit de rjochter. As er stadiger riden hie, hie er de oanriding nei alle gedachten foarkomme kinnen. De scooterrider rekke swier ferwûne by it ûngelok.

(Advertinsje)
(Advertinsje)