Mear banen en projekten yn it Noarden mei Europeesk jild

De binnenstêd fan Ljouwert hat in ympuls krige mei it jild út Brussel © Google Street View
De resultaten dy't yn it Noarden boekt wurde mei Europeeske ekonomyske subsydzjes oertreffe de ferwachtingen. Mei jild út Brussel wurde mear projekten mooglik makke as tocht waard. Der komme ek folle mear banen by as dêr't op rekkene wie. Dat seit it Samenwerkingsverband Noord Nederland (SNN).
Noard-Nederlân hat in ekonomyske ynhelslach makke. Neffens it SNN komt dat foaral trochdat de noardlike provinsjes der goed yn slagje om ryks- en Europeesk jild binnen te heljen. Dêrmei krige bygelyks de binnenstêd fan Ljouwert in saneamde 'kwaliteitsympuls' en waarden de ôfrûne jierren in soad bedriuwsterreinen opknapt.