Minder keunstdong, mear opbringst: proef pakt goed út

09 maaie 2017 - 17:17

In proef fan leanbedriuw Thijssen út Nijhoarne om minder dong te brûken op it lân foar in bettere opbringst liket goed út te pakken. De proef rint al in pear jier. mar de resultaten binne hoopfol.

De maatskip fan boer Michiel Kroes yn Ketlik docht oan de proef mei. Mei help fan dronebylden en grûn- en gersmeunsters wurdt útsocht hoe't de grûn de bêste opbringst jout. De dong en keunstdong wurdt dêrnei mei help fan GPS útriden. De bedoeling is dat boeren harren eigen dong op de pleats hâlde en minder keunstdong brûke.

De famylje Kroes hat it ôfrûne jier folle minder keunstdong brûkt. De kij krigen minder brok en leveren mear molke. De resultaten moatte de kommende jierren fierder wittenskiplik ûnderboud wurde troch gearwurking mei universiteiten en hegeskoallen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)