Foarkeamer Van Doesburg-Rinsemahûs iepen foar publyk

De Pappegaaiebuert yn Drachten
It is ynkoarten dochs mooglik om it Van Doesburg-Rinsemahûs yn Drachten te besjen. De stichting dy't fan it hûs oan de Toerstrjitte in museum meitsje wol, hat jildkrapte. Mar it hûs giet yn juny dochs diels iepen. Twa kear yn de wike begjinne by it Museum Drachten kuiers nei it Van Doesburg-Rinsemahûs. Minsken kinne der dan in folslein restaurearre foarkeamer sjen. Mei in spesjale app kinne minsken sjen hoe't de rest fan it hûs wurde moat.
Theo Van Doesburg is de grûnlizzer fan de keunststreaming De Stijl. Thijs Rinsema wie skuonmakker yn Drachten en ek in Stijl-keunstner. Van Doesburg wie de betinker fan it kleureskema dêr't de huzen yn de Pappegaaiebuert yn Drachten yn skildere binne.