Mearjierretekoart driget foar natuerbelied provinsje

09 maaie 2017 - 16:57
Foto: Omrop Fryslân, Remco de Vries

Der driget in flink tekoart op it natuerbelied fan de provinsje. It giet dan om de perioade fan 2014 oant 2027. Dat docht bliken út in ûndersyk dat de provinsje dwaan litten hat. Earder hienen amtners fan de provinsje al berekkene dat der in tekoart drige. It tekoart ûntstiet benammen omdat de kosten foar it behear fan de natuer heger binne as ferwachte. Dêrneist falt de ûntwikkeling fan nije natuer djoerder út.

Yn it ûndersyk is ek in tal oplossingen foar it probleem oandroegen, de provinsje sil dy de kommende tiid fierder útwurkje.

(Advertinsje)
(Advertinsje)