Bedriuwen en ûnderwiis: nije dingen betinke yn itensyndustry

Ljouwert krijt in Food Application Center for Technology (FACT). Bedriuwen yn it Noarden dy't harren mei iten dwaande hâlde, kinne dêr ûndersyk dwaan, eksperimintearje en nije dingen betinke. Se wurkje dêrby gear mei it ûnderwiis. It FACT komt by hegeskoalle Van Hall Larenstein. It Friesland College en it Nordwin College dogge ek mei.
De provinsje, it bedriuwslibben en it ûnderwiis stekke der mei-inoar 5 miljoen euro yn. It sintrum kriget fjouwer jier lang stipe fan de provinsje en moat him dêrnei sels rêde.
It nije FACT-sintrum wol studinten tariede op de ûntwikkelingen yn de itensyndustry. Fanwege de groei fan de wrâldbefolking moat by de produksje sa min mooglik weismiten wurde. Fierders feroarje de winsken fan konsuminten en dêr moatte de produsinten ek op ynspylje. It ûnderwiis moat dêrfoar goed oplaat personiel leverje dat yn binnen- en bûtenlân ynset wurde kin. De provinsje stipet it sintrum, ek omdat it goed is foar der wurkgelegenheid. It wurkgebiet fan it FACT-ynnovaasjesintrum binne de suvelyndustry, de bôle- en de fleisyndustry.