Takom jier beslút oer ynfolling fan wynpark Ofslútdyk

09 maaie 2017 - 16:28
Foto: Janny Dijkstra

Provinsjale Steaten nimt begjin takom jier in beslút oer de ynfolling fan it wynpark Hiddum-Houw op de kop fan de Ofslútdyk. Deputearre Steaten hawwe tiisdei har foarkar foar dy ynfolling útsprutsen. Sy sjogge it leafst in park mei njoggen mûnen fan 90 oant 140 meter heech, mei in diameter fan de rotor fan 110 oant 136 meter. Se folgje dêrmei de foarkar fan de inisjatyfnimmers en de gemeente Súdwest-Fryslân, dêr't it park yn komt te lizzen.

Nei de beslútfoarming folget foar healwei 2019 de oanbesteging. In jier letter soene de wynmûnen der stean moatte.

(Advertinsje)
(Advertinsje)