Camper yn de brân by Breesândyk op de Ofslútdyk

09 maaie 2017 - 15:37

Op de Ofslútdyk by Breesândyk stie tiisdeitemiddei in camper yn de brân. De camper stie op de flechtstrook yn de rjochting fan Fryslân, krekt nei it tankstasjon by Breesândyk. De brânwacht fan Makkum wie útriden nei it plak dêr't de camper stie. By de brân kaam in soad freek frij. Automobilisten moasten rekken hâlde mei fertraging. Troch de brân stie der nammentlik in file.

Hoe't de brân yn de camper krekt ûntstean koe, is noch net bekend. De brân is yntusken wer ûnder kontrôle, mar de camper is folslein útbrând.

(advertinsje)
(advertinsje)