Swimbad De Dobbe yn Noardwâlde giet tongersdei wer iepen

09 maaie 2017 - 15:24
Foto: Swimbad De Dobbe

Swimbad De Dobbe yn Noardwâlde kin earder iepen as ferwachte. It swimbad gie begjin dizze moanne ticht, fanwege technyske problemen.

De ferwachting wie dat dy nije wike moandei foarby wêze soene. De problemen binne lykwols earder ferholpen en dêrom kinne kommende tongersdei de doarren al wer iepen.

Trefwurden: 
De Dobbe swimbad Noardwâlde
(Advertinsje)
(Advertinsje)