Yn heger berop ek wurkstraf easke foar falske oanjeften

09 maaie 2017 - 15:20
It Gerjochtshôf yn Ljouwert - Foto: Omrop Fryslân

Yn heger berop is opnij in wurkstraf easke tsjin in man út Dokkum dy't falske oanjeften dien hawwe soe by de plysje. De iene kear gie it om in ûntfiering, de oare kear soe er nachts by syn heit en mem thús oerfallen wêze. De rjochtbank joech de man dêr oardel jier lyn in wurkstraf foar.

Neffens de rjochtbank hie de Dokkumer in motyf foar de falske oanjeften. Hy hie skuldeaskers achter him oan sitten en fûn dat de plysje him net serieus naam. De man lei him net del by de útspraak fan de rjochtbank. It gerjochtshôf docht oer twa wiken útspraak.

(Advertinsje)
(Advertinsje)