Ljouwerter feroardiele foar ynriden op tankstasjon Snits

09 maaie 2017 - 14:48
Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

De man út Ljouwert dy't yn desimber mei syn auto ynriden is op in tankstasjon yn Snits, moat him fan de rjochter behannelje litte foar syn kokaïneferslaving. De man hie sein dat er kokaïne brûkt hie foardat er op it pompstasjon ynried, om him sels tekoart te dwaan. De rjochtbank rekkenet him dat swier oan. De man hat der gjin rekken mei hâlden dat it wolris hiel slim ôfrinne kinnen hie foar de minsken dy't flak by it tankstasjon wenje, seit de rjochter.

De fertochte krige in selstraf dy't like lang wie as syn foararrest en hy moat nei in ferslavingsklinyk.

(Advertinsje)
(Advertinsje)