FIDEO: Presintaasje nije Cambuurtrainer Marinus Dijkhuizen

De offisjele presintaasje fan Marinus Dijkhuizen as nije trainer fan SC Cambuur is tiisdeitemiddei live útstjoerd op Omrop Fryslân deitelefyzje, de Facebookside fan Omrop Fryslân en de Omrop-app. De âld-spiler fan de Ljouwerters waard tiisdeitemiddei fan 15.30 oere ôf presintearre yn it Cambuurstadion. Dijkhuizen sil tegearre mei Sipke Hulshoff, dy't no haadcoach is, it trainersduo foarmje fan Cambuur.
Sjoch tiisdeitejûn ek nei de útstjoering fan Fryslân Hjoed mei mear oer de bekendmakking fan Marinus Dijkhuizen as nije trainer fan Cambuur.