UPDATE: Ferkear by Drachten stiet fêst, omride fia Ljouwert

Ferkear dat fan It Hearrenfean nei Grins giet, moat tiisdeitejûn omride fia Ljouwert. Lâns de A7 by Drachten is tiisdeitemiddei in kraanwein yn in sleat bedarre. Dat is it gefolch fan in klapbân, dy't de 36 ton swiere auto krige. De sjauffeur koe sels út de kraanwein komme en liket net ferwûne rekke te wêzen.
De kraanwein wurdt op it stuit burgen. It ferkear kin dêrom net oer de sneldyk en moat omride fia Ljouwert.