Marinus Dijkhuizen nije trainer fan SC Cambuur

09 maaie 2017 - 12:26

Marinus Dijkhuizen wurdt tiisdeitemiddei presintearre as de nije trainer fan SC Cambuur. Dijkhuizen sil tegearre mei Sipke Hulshoff, dy't no haadcoach is, it trainersduo foarmje. Ferline jier krige de âld-fuotballer dien by NAC Breda, dêrfoar wie Dijkhuizen trainer by Excelsior en by it Ingelske Brentford. Dijkhuizen sil earst foar ien seizoen tekenje by Cambuur. It is gjin nij gesicht foar Cambuur. Fan 1996 oant en mei 1999 en fan 2007 oant en mei 2008 spile Dijkhuizen al by Cambuur.

''Marinus is iemand die onze bijzondere club goed kent en qua persoonlijkheid hier ook goed past. Maar nog veel belangrijker is dat hij een kundige trainer is met een visie die aansluit bij de weg die we hier zijn ingeslagen'', neffens Gerald van den Belt, technysk direkteur fan SC Cambuur.

Live by Omrop Fryslân

De offisjele presintaasje fan Dijkhuizen by SC Cambuur wurdt tiisdeitemiddei live útstjoerd op Omrop Fryslân deitelefyzje en fia de Facebook-side fan Omrop Fryslân.

(advertinsje)
(advertinsje)