Seis man oanholden foar autostellerij

09 maaie 2017 - 12:23
BMW, ûnder de motorkape - Foto: Omrop Fryslân, Margaretha Bijleveld

De plysje Noard-Nederlân hat moandei seis manlju oanholden foar meardere autostellerijen. Fan de manlju, tusken de 27 en 48 jier, komme fjouwer út Ljouwert, It Hearrenfean en Wolvegea en twa komme út België. Ze sitte allegearre fêst op fertinking fan stellerij en helen. Yn de perioade maaie 2016 oant en mei begjin 2017 waarden yn Noard-Nederlân sa'n tritich BMW's stellen. By tsien auto's waard besocht om dy te stellen of om der guod út te heljen. De stellen auto's waarden folslein útinoar helle en de ûnderdielen waarden ferkocht. Op dit stuit ha seis stellen auto's in link mei de fertochten. It ûndersyk giet fierder en mear oanhâldingen wurde net útsletten.

Nei ûndersyk die de plysje moandei in ynfal yn in loads yn Drachten. Dêr waard in demontearre BMW oantroffen. Dizze auto wie yn de nacht fan 6 op 7 maaie stellen út Aldeholtpea. Yn de loads waarden ek fiif fertochten oantroffen en oanholden. De sechsde waard letter op It Hearrenfean oppakt. Tongersdei wurde alle seis foarlaat oan de rjochterkommissaris.

Trefwurden: 
plysje autostellerij
(Advertinsje)
(Advertinsje)