Achmea bliuwt kommende jierren op kearnlokaasje Ljouwert

De Achmeatoer yn Ljouwert
Ljouwert bliuwt ien fan de fiif lokaasjes dêr't fersekerder Achmea him de kommende fjouwer jier konsintrearje wol. Neist Ljouwert binne dat Apeldoorn, Leiden, Tilburg en Zeist. Foar Ljouwert ûndersiket it bedriuw oft soarchfersekerder De Friesland, ûnderdiel fan Achmea, yn 2019 ferhúzje kin fan de Harlingertrekwei nei de lokaasje oan de Sophialeane.
De fêstigingen yn De Meern, Leusden en Zwolle slute de doarren. It bedriuw seit dat digitalisearring, fleksibele wurkfoarmen en minder meiwurkers dizze konsintraasje mooglik meitsje.