Ameland'82 en Algemeen Belang wolle koälysje foarmje

09 maaie 2017 - 10:43

De partijen Ameland'82 en Algemeen Belang Ameland wolle in koälysje foarmje. Dat makken se moandeitejûn bekend ûnder de spesjale riedsfergadering oer de nije koälysje. Yn de gearkomste waard dúdlik dat it de beide ynformateurs net slagge wie om in nije koälysje te foarmjen. Nei in skorsing kamen Ameland'82 en Algemeen Belang Ameland mei it nijs dat se no besykje sille om in nije koälysje te foarmjen.

Beide lokale partijen sizze dat se harren ferantwurdlikheid nimme wolle om It Amelân goed te bestjoeren. ''We moeten vooruit kijken en niet achterom'', seit Jeppe Groenewold fan Ameland'82. Se foarmje mei seis sitten in mearderheid yn de ried. Der moat in nije koälysje komme nei't Ameland'82 begjin april út it kolleezje stapte.

(Advertinsje)
(Advertinsje)