Jubileumsjo Armin van Buuren mei Frysk talint

09 maaie 2017 - 10:21

Hy is ien fan de bekendste dj's fan de wrâld: Armin van Buuren. Op 12 en 13 maaie fiert er syn 20-jierrich jubileum yn de Amsterdam Arena. De rezjy fan syn spektakulêre sjo 'The Best Of Armin Only' wurdt dien troch Jos Thie út Wergea. Dit is de tredde kear dat er belutsen is by in sjo fan Van Buuren, mar dit is dochs hiel wat oars, seit er. Want sa'n 150 artysten, wêrûnder Kensington, Gavin Degraw en Mr. Probz, komme no allegear byinoar om dit jubileumfeest te fieren. Der komme twa kear 70.000 fans út de hiele wrâld om nei de fjouwer oeren duorjende sjo te sjen.

Advendo Snits

In wichtich ûnderdiel fan de sjo leit yn hannen fan muzykkorps Advendo fan Snits. Se komme fiif kear op it poadium en neffens Richard Kamstra is dit unyk. "Dit is, foar safier dat ik wit, de earste kear dat in sjoband meidocht oan sa'n grut dj-konsert. Foar ús is dit dêrom ek in 'once in a lifetime'-kâns. Mar it is wol hiel bot wennen om mei in dj gear te wurkjen. Dit hawwe we sels ek noch nea dien. Dan bist ek ôfhinklik fan de muzyk dy't hy draait. Mar wy ha goed oefene, dus it sil fêst goed komme."

Marrit Nicolai

Ek dûnseres Marrit Nicolai fan Kollum hat in rol yn de sjo. It ôfrûne jier hat se op wrâldtournee west foar Armin van Buuren syn lêste album. Dy toernee is trije wike lyn ôfrûn, dus foar Marrit is dit wol in hiele moaie útsetter. "De toernee wie al in hiel aventoer foar my. Ik ha in soad sjoen en bin persoanlik ek groeid. Mar om it sa ôf te sluten is natuerlik geweldich." Marrit sil mei 51 oare dûnsers op it poadium stean.

Tiisdei yn Fryslân Hjoed de earste bylden fan de repetysjes en petearen mei Jos Thie, Richard Kamstra en Marrit Nicolai.

(Advertinsje)
(Advertinsje)