Aegon wurdt kommersjeel partner fan it Fries Museum

09 maaie 2017 - 10:01

Fersekerder Aegon wurdt de earste kommersjele partner fan it Fries Museum yn Ljouwert. Se tekenje woansdei in kontrakt foar meardere jierren. Dit en kommend jier wurkje beide partijen gear om mei de tentoanstellingen oer Mata Hari en M.C. Escher in grut publyk te berikken.

Sa jout de fersekerder in houtfyk fan Escher út de eigen kolleksje oan it museum yn brûklien. It museum wurket mei yn projekten fan Aegon oer skulden en kânsen. It museum hat in krite fan sa'n fjirtich bedriuwen dy't stipe jout oan it museum.

(Advertinsje)
(Advertinsje)