Kollum: "In Frysk perspektyf"

09 maaie 2017 - 08:22

"No soe ik jim tsjinner net wêze as ik it nije ûndersyk fan it Fries Sociaal Planbureau net even downloade hie. Dat ûndersyk giet benammen oer de fraach hoe’t Friezen foar de polityk en de maatskippij oer stean. Want mear as de helte fan de Nederlânske befolking jout it fertrouwen yn de Twadde Keamer en de regearing gjin foldwaande, sis mar in 5 ½. Hoe sit dat yn Fryslân? Hoe stean wy foar de lanlike en provinsjale polityk oer? Ha wy der noch fertrouwen yn? Ynteressearret it ús, al mei al?

Wat dat lêste oangiet: om de soademiter wol, it hâldt ús hiel bot dwaande. Wat it fertrouwen yn de polityk oangiet docht him dêrnei in nijsgjirrich gegeven foar. It blykt nammentlik dat Friezen mear fertrouwen yn de gemeentlike en provinsjale polityk ha as yn dy fan de lanlike. Miskien wisten wy dat ek wol, mar no stiet it swart op wyt. Mear as de helte fan de panelleden fan it FSP fynt dat der te min omtinken foar Fryslân yn de lanlike polityk is. Sy stelle dat De Haach net wit wat der yn de provinsje libbet. Nochris: it is gjin nij lûd, mar it is no ûndersocht en befêstige.

De belangen fan Fryslân kinne net goed genôch behertige wurde en wurde te min, of hielendal net, meinommen yn de beslútfoarming fan de lanlike polityk. Datselde fine trouwens alle gewesten. De útdrukking ‘Rânstêdlike arrogânsje’ klinkt rûnom, krekt as ‘Hollânsintrisme’. Net ûnterjochte. Der wurdt in protte by de Rânestêd opset. De G4, dat binne Amsterdam, Rotterdam, Utrecht en De Haach, wurkje plannen út dy’t sa’n 35 miljoen kostje moat. Dat giet om it duorsum meitsjen fan hûzen, it ynvestearjen yn griene foarmen fan ferfier, yn duorsume waarmteboarnen foar it Westlân, yn isolaasje, sinnepanielen en oanslutings foar elektryske auto’s. Alles mei-inoar moat dat tsientûzen banen opsmite, en it Ryk moat dêr syn bydrage oan leverje. Wy ek, dus.

No kinne wy dêr ferûngelike oer dwaan, mar wy kinne dêr ek in foarbyld oan nimme. Want mei it ûndersyk fan it FSP yn de hân kinne wy sizze: lit ús ek grutte plannen meitsje, noch grutter as dat wy no dogge. De Haach is dwaande om mear taken nei de gemeenten te skowen. Lit ús ynsette op in fierdere desintralisaasje. De Fryske befolking hat gâns mear fertrouwen yn de provinsjale polityk as yn dy fan de lanlike. Wat is der dan logysker om as provinsje noch mear foech ôf te twingen as it bygelyks oer kwaliteitsûnderwiis giet, oer betelbere skjinne enerzjy, biologyske lânbou en ferantwurde ekonomyske groei?

Selsbestjoer hat noch noait sa aktueel west as no. De tiid is der ryp foar. Fryslân hat de mooglikheden en de mentaliteit om foarop te rinnen yn in proses fan needsaaklike, maatskiplike feroaring. Dat proses is al oan de gong, wy moatte allinne de romte krije om it better yn de ferve te setten. Selsbestjoer is dêr it middel ta. Dêrmei daget in nij perspektyf: dat fan de minsklike mjitte. In Frysk perspektyf."

Willem Schoorstra (1959) is skriuwer en komt fan Ternaard. Yn it ferline publisearre hy in oantal (Frysktalige) romans wêrûnder 'De Ofrekken', 'Swarte Ingels' en 'Redbad'. Syn lêste wurk is in boek oer Grutte Pier. Willem skriuwt maatskippijkritysk, mei faak in humoristyske ûndertoan en is te folgjen op Facebook.

(Advertinsje)
(Advertinsje)