Arnold Vanderlyde jout training yn Bûtenpost

08 maaie 2017 - 22:42

Sitte der libbenslessen yn boksen? Neffens de eardere Europeesk bokskampioen Arnold Vanderlyde al. Hy joech moandeitejûn by sportskoalle Switte yn Bûtenpost in bokstraining. De Limboarger waard trije kear Europeesk kampioen. Yn syn les besocht er de Bûtenposters mear te learen as klappen útdielen. Ek bygelyks hoe't minsken tsjinslaggen yn it deistich libben goed opheine kinne.

Trefwurden: 
Arnold Vanderlyde Boksen
(Advertinsje)
(Advertinsje)