Manon Kamminga wint skeelerwedstriid yn Stienwyk

08 maaie 2017 - 21:59
Manon Kamminga mei hjir loft Janita Willems-Crediet en rjochts Rocia Berbel Alt - Foto: Tims Imaging

Manon Kamminga fan Haulerwyk hat moandeitejûn de KNSB maraton cup skeelerwedstriid yn Stienwyk wûn. De rydster koe fuortendalik mei Janita Willems-Crediet en Berber Vonk in kopploech foarmje. Vonk moast de kopgroep lykwols al gau wer loslitte. Kamminga en Crediet koene de rest fan de wedstriid byinoar bliuwe, wêrtroch't it oankaam op in sprint tusken de twa. Kamminga wie te sterk foar Credit.

Dochs krige de Haulerwykster gjin moaie finish, om't de auto fan de sjuery yn it gedrang kaam mei achterbliuwers. Kamminga kaam dêrtroch oan de auto oer de finish. Rocia Berbel Alt út Argentinië waard tredde.

De Fries Bob de Vries waard twadde by de manlju. Hy wie wer âlderwetsk oan it koersen, sette fuortendaliks de sokken deryn en liet it peloton achter him. De koers waard wûn troch Ingmar Berga. Tegearre mei Luc ter Haar ried Berga nei De Vries ta, mar Berga wûn úteinlik de sprint.

(Advertinsje)
(Advertinsje)