Opblaasbere stoarmbaan fan 350 meter lang yn Akkrum

08 maaie 2017 - 20:51
De stoarmbaan kin bygelyks hierd wurde op frijgesellefeestjes - Foto: Jumpverhuur

Yn Akkrum is moandei in opblaasde stoarmbaan fan 350 meter lang foar feestjes oppomt. Eigener Jumpverhuur neamt it 'de grutste stoarmbaan fan de wrâld.' Hy is 53 meter langer as de foarige rekôrhâlder út België. Allinnich al it opsetten fan de stoarmbaan duorret sa'n fjouwer oeren.

De baan is in inisjatyf fan it bedriuw Jumpferhier út Akkrum en Augie Attractie & Events út Dedemsvaart. De bedriuwen binne fan doel de baan rûnom yn Nederlân te ferhieren, bygelyks foar frijgesellefeestjes. Spesjaal foar de opstelling yn Akkrum waarden trije aggregaten mei komperessors mei in grut fermogen ynset om it gefaarte op te blazen en omheech te hâlden.

Trefwurden: 
stoarmbaan
(Advertinsje)
(Advertinsje)