Dútske studinten helpe by bou Willem Barentsz-skip

De bouwers fan de replika fan it skip fan Willem Barentsz yn Harns krije dizze wike help fan trije Dútske studinten. Dy wolle yn de praktyk sjen hoe't antike skipsbou yn syn wurk giet. It is de bedoeling dat de romp fan it skip oan de ein fan it seizoen klear is.
Yn de 16e iuw, de tiid fan Willem Barentsz, wiene der gjin boutekeningen. Skippen waarden boud op it each en 'sa't de planke foel'. Lykas bekend socht Willem Barentsz mei syn ekspedysjeskip om in hannelrûte om de noard en kaam er by Nova Zembla fêst te sitten yn it iis. Dêr moast er mei syn manlju de ein fan de winter ôfwachtsje. In diel fan de boech fan it skip fan Willem Barentsz is fûn op Nova Zembla.