Motorrider rydt mei motor en al de sleat yn by Holwert

08 maaie 2017 - 19:51
De motor ferdwûn hast hielendal ûnder wetter - Foto: De Vries Media

In motorrider is moandei oan de ein fan de middei troch noch ûnbekende oarsaak fan de Grândyk rekke by Holwert. De bestjoerder kaam troch it ûngelok mei motor en al yn it wetter njonken de dyk telâne. De bestjoerder is neffens tsjûgen troch ambulânsepersoniel kontrolearre en mei ûnbekende ferwûnings meinaam nei it sikehûs.

Auto's koene nei it ûngelok in koart skoft mar de helte fan de wei brûke. Ferkear moat oer de Grândyk om de Holwerter Daam te berikken. De motor dy't hast hielendal ûnder wetter bedarre, moat nei alle gedachten troch in berger optakele wurde.

Trefwurden: 
motor Holwert
(Advertinsje)
(Advertinsje)