Jubileumboek 'Hier om te helpen' op 'jierdei' Reade Krús

08 maaie 2017 - 19:40

Mei in keninklik jubileumfeest en it oanbieden fan it boek 'Hier om te helpen' fierde it Reade Krús moandei yn Den Haag it 150-jierrich bestean. Acht maaie is de bertedei fan Henri Dunant. Om dy reden is it ek de Ynternasjonale dei fan it Reade Krús.

Njonken de grutte ynternasjonale projekten is de organisaasje ek aktyf  yn de regio. De klam leit dêr op evenemintebegelieding dêr't fia it Reade Krús EHBO'ers foar ynset wurde. Yn de regio docht de helporganisaasje ek wurk op sosjaal mêd, bygelyks yn de striid tsjin iensumens. Mei it each op de fergrizing en nije projekten hat it Reade Krús op it heden wer ferlet fan nije frijwilligers.

Trefwurden: 
Reade Krús Henri Dunant
(advertinsje)
(advertinsje)